Bewurkje PDF’s fergees mei Firefox PDF Editor
As jo wat oan in PDF-dokumint tafoegje wolle, kinne jo dat no online dwaan mei Firefox. Iepenje de pdf yn Firefox en klik op de tekst- of tekenknop yn de rjochterboppehoek om wizigingen yn jo dokumint oan te bringen. Download it bestân om it te bewarjen mei jo wizigingen.
Folje formulieren online yn sûnder te printsjen en scannen
Wy hawwe hjir allegearre mei te meitsjen: jo moatte in formulier ynfolje dat in pdf is, mar it is net te bewurkjen. Yn it ferline wie jo iennichste opsje om it op in deade beam te printsjen, dingen mei inket ta te foegjen en it dan werom te scannen nei jo kompjûter.
Dat is ôfrûn! It iennige dat jo no hoege te dwaan, is de PDF online bewurkje mei Firefox, dizze bewarje en fan jo kompjûter ôf e-maile.
Tekst tafoegje
Iepenje de pdf yn Firefox. Klikje op de knop Tekst om in kleur en tekstgrutte te kiezen eardat jo selektearje wêr’t op it dokumint jo tekst tafoegje wolle. It is sa maklik!
Tekeningen tafoegje
Iepenje de PDF yn Firefox. Klik op it piktogram Tekenje om in kleur, tsjokte en dekking te kiezen eardat jo dan op it dokumint tekenje kinne.
Ofbylding mei alt tekst tafoegje
Iepenje de PDF yn Firefox. Klik op it ôfbyldingspiktogram, dat sil jo dan freegje om in ôfbylding op te laden. Pas grutte en pleatsing fan jo ôfbylding oan as nedich. Klik op de knop ‘+Alt-tekst’ op de ôfbylding om in fotobeskriuwing ta te foegjen om jo PDF tagonkliker te meitsjen.
In hantekening oanmeitsje
Iepenje de PDF yn Firefox. Klik op it hantekeningspiktogram en klik dan op ‘Nije hantekening tafoegje’. Kies tusken Type, Tekenje of Ofbylding, en klik op de knop Tafoegje om yn te foegjen. Jo kinne jo hantekeningen ek bewarje en se letter opnij brûke.
In markearring meitsje
Iepenje de PDF yn Firefox. Selektearje de tekst dy’t jo markearje wolle, klik dan op it markearpiktogram dat ferskynt ûnder jo seleksje, of klik mei de rjochtermûsknop om de markearringopsje te finen yn it kontekstmenu. Klik op it ikoan rjochtsboppe om seksjes fan de PDF frij te markearjen.
Opmerkingen tafoegje
Iepenje de pdf yn Firefox. Meitsje in markearring oan, klik dan op it piktogram Opmerking dat ûnder jo seleksje ferskynt, typ jo opmerking en klik op Tafoegje om te bewarjen. In protte kommentaren yn in pdf? Klik op it opmerkingenpiktogram rjochtsboppe om de sydbalke te iepenjen en nei dyjinge te springen dy’t jo nedich binne.