Firefox

Firefox as jo bedriuwsbrowser brûke

Firefox leveret feilich, robúst en privacyrjochte browsen op skaal. Mei bedriuwsbelied yn sawol Firefox as Firefox Extended Support Release (ESR) krije organisaasjes fleksibiliteit, kontrôle en transparânsje yn in fertroude, iepenboarnebrowser.

Stipe foar Firefox Professional

Iere tagong is no iepen foar ús nije stipeprogramma. Boud foar organisaasjes dy’t Firefox brûke om befeiliging, fearkrêft en gegevenssoevereiniteit te garandearjen, biedt it privee, betroubere en oanpaste stipe foar grutskalige ynset.

Beskerming op bedriuwsnivo, oandreaun troch Firefox

Jo browser, jo saak

Firefox kombinearret iepenboarne transparânsje mei avansearre befeiligingsfunksjes en regelmjittige updates om de gegevens fan jo organisaasje te beskermjen.

Ymplemintearje wannear’t en hoe’t jo it wolle

Mei ynstallaasjepakketten en in breed oanbod fan groepsbelied en funksjes is de ymplemintaasje flugger en fleksibeler as ea – en in fluitsje fan in sint yn foar Windows-, Linux- en MacOS-omjouwingen.

Utjefteesyklusen dy’t by jo organisaasje passe

Kies Firefox foar elke fjouwer wiken de nijste funksjes en stabile útjeften, of Firefox ESR foar stabiliteit op lange termyn, regelmjittige befeiligingsupdates en jierlikse grutte útjeften.

Stipe foar Firefox Professional-dokumintaasje

Stipe foar Firefox Professional is in spesjaal oanbod foar teams dy’t ferlet hawwe fan persoanlik probleemûndersyk en eskalaasje, definiearre reaksjetiden, oanpaste ûntwikkelingsopsjes en nauwe gearwurking mei de technyske en produktteams fan Mozilla.