Firefox as jo bedriuwsbrowser brûke
Firefox leveret feilich, robúst en privacyrjochte browsen op skaal. Mei bedriuwsbelied yn sawol Firefox as Firefox Extended Support Release (ESR) krije organisaasjes fleksibiliteit, kontrôle en transparânsje yn in fertroude, iepenboarnebrowser.
Beskerming op bedriuwsnivo, oandreaun troch Firefox
Firefox kombinearret iepenboarne transparânsje mei avansearre befeiligingsfunksjes en regelmjittige updates om de gegevens fan jo organisaasje te beskermjen.
Ymplemintearje wannear’t en hoe’t jo it wolle
Mei ynstallaasjepakketten en in breed oanbod fan groepsbelied en funksjes is de ymplemintaasje flugger en fleksibeler as ea – en in fluitsje fan in sint yn foar Windows-, Linux- en MacOS-omjouwingen.
Utjefteesyklusen dy’t by jo organisaasje passe
Kies Firefox foar elke fjouwer wiken de nijste funksjes en stabile útjeften, of Firefox ESR foar stabiliteit op lange termyn, regelmjittige befeiligingsupdates en jierlikse grutte útjeften.
Downloads foar Enterprise
Windows 64-bits
macOS
Windows 32-bits
Download Firefox of Firefox ESR
yn in oare taal of foar in oar platfoarm.