Firefox

Firefox as jo bedriuwsbrowser brûke

Firefox leveret feilich, robúst en privacyrjochte browsen op skaal. Mei bedriuwsbelied yn sawol Firefox as Firefox Extended Support Release (ESR) krije organisaasjes fleksibiliteit, kontrôle en transparânsje yn in fertroude, iepenboarnebrowser.

Stipe foar organisaasjes

Iere tagong is no iepen foar ús nije stipeprogramma dat yn jannewaris 2026 lansearre wurdt. Boud foar organisaasjes dy’t Firefox brûke om befeiliging, fearkrêft en gegevenssoevereiniteit te garandearjen, biedt it privee, betroubere en oanpaste stipe foar grutskalige ynset.

Beskerming op bedriuwsnivo, oandreaun troch Firefox

Stipe foar organisaasjes-dokumintaasje

Stipe foar organisaasjes is in spesjaal oanbod foar teams dy’t ferlet hawwe fan persoanlike probleemûndersyk en eskalaasje, definiearre reaksjetiden, oanpaste ûntwikkelingsopsjes en nauwe gearwurking mei de technyske en produktteams fan Mozilla.

Downloads foar Enterprise

Download Firefox of Firefox ESR
yn in oare taal of foar in oar platfoarm.